
De Wensboom
Myn winsk foar De Gordyk
Fanôf freed 20 novimber kinst hjir dyn winsk ynstjoere. Set it alfêst yn dyn aginda!
Ien winsk, foar dysels, foar it doarp of foar ien dy't it fertsjinnet. Stek ien in hert ûnder de riem, of betankje dy iene frijwilliger dy't altyd klearstiet.
Tidens de Winterfair op snein 20 desimber stiet der in krystbeam op in boat yn 'e sluis: de Wensboom. Tusken 16.00 en 17.00 oere hingje wy de winsken yn 'e beam en telle wy mei-inoar ôf oant de ljochtsjes oangeane. Femke de Walle en Hans Postma presintearje de Wensboom. Om de Kryst hinne meitsje Gordyker ûndernimmers in pear winsken wier. Is dyn winsk foar in oar? Dan nimme wy graach kontakt mei dy op om de winsk tegearre yn 'e beam te hingjen.
Online ynstjoere kin fanôf freed 20 novimber oant en mei woansdei 16 desimber. Leaver op papier? Lever dyn winskkaart dan op 20 desimber yn by de winskbalie by Tijdloos, tichtby de Wensboom.
Goed om te witten: Elke winsk is wolkom. Medyske, juridyske of finansjele winsken kinne wy spitigernôch net ferfolje. Winsken oer sykte, ferlies of jild meitsje wy nea iepenbier; wy nimme dan persoanlik kontakt op. Bisto jonger as 16? Folje dyn winsk dan yn mei dyn âlder of fersoarger.
Fragen of parse? Hans Postma, 06 51 06 63 94, activiteiten@visitgorredijk.nl
Winsken ynstjoere kin fanôf freed 20 novimber. Kom dan werom en stjoer dyn winsk yn foar de Wensboom!
Nederlands | Frysk